'Hiele grûndelgong ûndersykje'

22 apr 2013 - 17:31
  • Boareilân by It Oerd op It Amelân

De steatefraksjes fan Friese Koers en de ChristenUnie wolle dat de provinsje better ûndersyk docht nei grûndelgong yn Fryslân. De partijen wolle dat der spesifyk sjoen wurdt nei de effekten fan alle winnings byelkoar. It giet dan om it út de grûnheljen fan ûnder oare sâlt, gas en sân.

Neffens Friese Koers en de ChristenUnie wurdt no noch allinnich sjoen nei eventuele delgong troch de winnings los fan inoar. It ûndersyk soe ek yn it fjild dien wurde moatte en net achter in buro, sa't neffens de partijen oant no ta it gefal is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)