Kroaningsbeam by Uniastate

Uniastate © ANP
Boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel plantet kommende freed in kroaningsbeam op it terrein fan Uniastate yn Bears. De gemeente kiest foar dat plak, omdat de beam dêr in beskerme plak hat. Liemburg kriget by it plantsjen help fan twa famkes út Bears en Jellum. It giet om de hast 11-jierrige Doutsen en de hast 7-jierrige Mette Tryntsje. Beide fiere harren jierdei op deselde dei as Willem-Alexander.
Alle gemeenten plantsje in kroaningsbeam fanwege de oergong fan de troan fan Beatrix nei Willem-Alexander.