Ynleveraksje nei Keninginnedei

22 apr 2013 - 14:23

Achttjin gemeenten yn Fryslân dogge mei oan de Keninginnedeikampanje fan Wecycle. Minsken dy't de dei nei Keninginnedei har âlde elektryske apparaten ynleverje by de gemeentlike miljeustrjitte, krije in tas kado. Yn Fryslân dogge ûnder oare de gemeenten Achtkarspelen, Boarnsterhim, Tytsjerksteradiel, Skylge, Harns, Opsterlân en Littenseradiel mei oan de aksje.

Wecycle wol mei de aksje berikke dat der minder stikkene elektryske apparaten yn de kontener smiten wurde en faker nei de gemeentlike miljeustritten brocht wurde.

Trefwurden: 
Keninginnedei Wecycle recycle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)