'Sels bepale oer lânsdiel'

22 apr 2013 - 11:43
  • Minister Plasterk en deputearre De Vries
  • Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer

Provinsje Fryslân mei sels bepale oft der ien noardlik lânsdiel nedich is. Dat stiet yn de nagelnije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer dy't de provinsje en minister Plasterk moandei ûndertekene hawwe op it provinsjehûs.

Wat ek yn de ôfspraken stiet is dat it tal dosinten dat Fryske les jout sûnder de goede papieren de kommende fiif jier de helte minder wurde moat. Der moat ek noch in nije advysried komme dy't de provinsje en it ryk advys jout as it giet om taalsaken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)