UR wist neat fan pesterij

22 apr 2013 - 11:36

By de ûndernimmingsried fan de gemeente Smellingerlân wie neat bekend oer in sfear fan yntimidaasje en pesterij op de wurkflier. Allinnich fan in tal arbeidskonflikten wie de UR op de hichte. Fanwege de berjochten oer in eangstkultuer op it Drachtster gemeentehûs is der moandeitejûn in spoeddebat yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)