Sylklup ferdwynt mooglik

© Google Maps
Sylklup 'Eendracht maakt macht' fan Earnewâld ferdwynt as der net gau nije bestjoersleden komme. Twa fan de fiif bestjoersleden hâlde meikoarten op. Mei trije kin it bestjoer net fierder, seit foarsitter André Wiersma.
De sylklup bestiet 140 jier. De lêste fiif jier wiene dreech. Nije bestjoersleden wiene lestich te finen. De klup hat hûndert leden. Dy binne faak wol by de aktiviteiten, mar wolle net bestjoere. André Wiersma soe it spitich fine as de klup sa oan syn ein komt.