Klappen by autorûzje

In 19-jierrige man út Surhústerfean is sneintemiddei oanhâlden yn Roden foar mishanneling. De autobestjoerder krige spul mei in 21-jierrige ynwenner fan Roden. Neffens de Feanster wiene der stientsjes tsjin syn auto oankaam. De twa automobilisten krigen rûzje. De fertochte sloech de man út Roden ferskate kearen yn it gesicht.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht. Dêr die er oanjefte fan mishanneling. De fertochte waard letter dy middei oppakt. Hy is fêstset op it plysjeburo.