Trije ferwûnen by Dronryp

© ANP XTRA
By in oanriding yn Dronryp binne sneintemiddei trije minsken ferwûne rekke. Op in krusing fan de Strjitwei woe in 91-jierrige automobilist út de gemeente Frjentsjerteradiel linksôf. Hy seach in 27-jierrige autobestjoerder út Menaam dy't rjochttroch ried, oer de holle.
Beide auto's klapten opelkoar en de bestjoerders rekken ferwûne. De frou fan de 91-jierrige man rekke ek ferwûne. Alle trije ferwûnen moasten nei it sikehûs.