Nij Thialf kin goedkeaper

It bouwen fan in nij Thialf kin in stik goedkeaper as tocht, neffens ûndersyk fan de TU Delft yn opdracht fan de provinsje. Gie it earst om 106 miljoen euro, no kin it foar 81 miljoen.
Thialf moat ferboud wurde ta in lúkse topsporthal mei twa iisbanen. Dy twadde baan is noch net wis. De eksploitaasje dêrfan kin net út. Der wurdt ûndersocht hoe't dat wol kin. It is noch net wis oft it nije Thialf der komt. Provinsjale steaten jouwe yn juny dúdlikens oer in bydrage fan 50 miljoen en it ryk moat ek noch grien ljocht jaan foar in bydrage.