Kamminga pakt winst puntekoers

21 apr 2013 - 14:38

Manon Kamminga hat sneon by de tredde Europa Cup skeelerjen de puntekoers (10 kilometer) op har namme skreaun. Yn it Dútske Geisingen bleau de ynwenster fan It Hearrenfean har Dútske ploechgenoate Katharina Rumpus en lângenoate Bianca Roosenboom foar. Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, moast it dwaan mei in sânde plak.

Snein folgje der noch trije ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)