Nije oanpak dysleksy-probleem

21 apr 2013 - 13:31

It fuortset en primêr ûnderwiis yn Fryslân sil op 24 april in mienskiplik plan fan oanpak presintearje foar de opspoaring en behanneling fan dysleksy. It giet om in plan foar skoallen yn hiel Fryslân. Neffens Marinus Giesing fan de wurkgroep dysleksy is it plan bedoeld om dysleksy earder op te spoaren as no faak it gefal is.

Dysleksy komt no yn guon gefallen pas op it fuortset ûnderwiis oan it ljocht. Troch dysleksy earder op te spoaren kin it probleem earder en better oanpakt wurde.

It plan wol sa misferstannen en frustraasjes by bern, âlden en skoallen ferminderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)