Basisplak Rose en De Leeuw

21 apr 2013 - 13:03
  • Henk de Jong
  • SC Cambuur

Yuri Rose en Melvin de Leeuw begjinne moandei yn de basis by Sportklup Cambuur. Sy ferfange tsjin Emmen de skorste Tim Bakens en Adnane Tighadouini. Topskutter Michiel Hemmen is wer fit, mar Martijn Barto krijt de foarkar yn de spits. Barto skoarde fjouwer kear yn de lêste trije wedstriden.

Emmen stiet 13e op de ranglist, mar trainer Henk de Jong wol der net te maklik oer tinke. 'Joop Gall stiet foar striid en syn ploech kin frijút fuotbalje. Foar harren stiet neat mear op it spul. It sil net maklik wurde', seit De Jong.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Dijkstra, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Rose, Bakker, Schokker, Barto en De Leeuw.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)