Keningsline foar Boarnburgum

21 apr 2013 - 10:36
  • Beam

Boarnburgum krijt in keningsline. De beam en in betinkingsbuordsje komme te stean by it doarpshûs. De pleatsing hat te krijen mei de troanwiksel op 30 april.

De gemeente Smellingerlân stelt de beam beskikber en alle bewenners wurde útnoege hjirby oanwêzich te wêzen. De jûns foar de troanwiksel wurdt de beam plante. Der wurde dan ek allegear aktiviteiten organisearre foar it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)