Brân yn wenning Dronryp

Yn Dronryp hat sneontejûn brân west yn in hûs oan de Skoallânswei. Der wie in feestje yn de wenning doe't de brân ûntstie. Oarsaak is in panne op it fjoer. Hoe't dy panne yn 'e brân fleane koe is net dúdlik.
Trochdat de brânwacht der fluch by wie, koe it fjoer frij gau útmakke wurde. Twa minsken moasten ûndersocht wurde troch ambulânsepersoniel. Se hiene reek ynazeme. Der rekke fierder net ien ferwûne.