ONS hat titel foar it gripen

20 apr 2013 - 16:54

ONS Boso Snits is wer in stap tichteby it kampioenskip yn de haadklasse C. Sneon waard yn Nijkerk mei 2-0 wûn fan Sparta Nijkerk. Nei 10 minuten iepene Jurjen Bosch de skoare. Sandor van der Heide krige de útlêzen kâns op de 2-0, mar miste fan 11 meter. Folop kânsen op slach fan rêst foar ONS, mar gjin treffers.

Goed keeperswurk fan Ale Geert de Vries foarkaam fuort nei rêst de lykmakker fan Sparta fan de strafskopstip. Chris de Wagt fersulvere syn kâns fan 11 meter wol en smiet de wedstriid dêrmei definityf yn it slot.

Takom wike spilet ONS út by Harkemase Boys. By winst is de ploech fan trainer Jan Vlap wis fan de titel yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)