Harkiten ferspylje thús punten

20 apr 2013 - 16:37

Harkemase Boys hat him sneon de tsiis fan de bôle ite litten troch yn de slotminút mei 3-2 te ferliezen fan de nûmer ien-nei-lêst NSC. Op sportpark De Bosk hienen de Boys in dreamstart, doe't Johnsen Bacuna yn de earste minút de 1-0 makke. Yn jacht op de lykmakker tekenen de gasten út Nijkerk nei in healoere foar de 1-1.

Nei rêst sette Raymond Bolt de Harkiten mei in kanonskûgel opnij op foarsprong. Nei de Nijkerkster lykmakker tekene NSC yn de lêste minút foar de winnende treffer. In grutte domper foar de ploech fan trainer Willem Brouwer.

Harkemase Boys sit noch altyd yn degradaasjesoargen. De ploech fan trainer Willem Brouwer stiet op it 10e plak mei 26 punten út 23 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)