Utstjit ôffaloven net te heech

De skoarstienpiip fan de ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân
De útstjit fan de ôffaloven yn Harns is ferline jier net boppe de lanlike noarmen útkaam. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de LTO-ôfdieling Frjentsjerteradiel-Harns. Dy hat foar it twadde jier op in rige mei mjitpunten kontrolearre wat der oan stoffen út de ôffaloven kaam is. De útkomsten komme dêrby oerien mei dy fan it earste ûndersyk.
Ek no sieten der net tefolle skealike stoffen yn gewaaksen en yn molke. It ûndersyk giet foarearst noch troch.