'Saak-Vaatstra no ôfslute'

19 apr 2013 - 16:51

No't der in útspraak leit, kinne alle belutsenen besykje in saak dy't fjirtjin jier lang Nederlân yn 'e besnijing hân hat, of te sluten. Dat is de reaksje fan boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân op de straf fan achttjin jier sel foar feehâlder Jasper S.

De moardner en ferkrêfter, syn famylje en guon neibesteanden fan de 16-jierige Marianne Vaatstra wenje yn Aldwâld, tagelyk ek it wenplak fan Bilker. It doarp Aldwâld leit yn 'e gemeente Kollumerlân dêr't Bilker boargemaster fan is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)