Omrinlampe yn Eaststellingwerf

19 apr 2013 - 16:22

Yn Easterwâlde wurdt moandei de earste keunststof ljochtmêst fan de gemeente Eaststellingwerf pleatst. De mêst is fan ôffalferwurker Omrin. Yn 2009 is Omrin begûn mei it skieden fan keunststof ferpakkings út húshâldlik ôffal. Fan dat keunststof wurde wer nije produkten makke.

De gemeente Eaststellingwerf kriget de mêst fan de ôffalferwurker oanbean. De mêst is net de alderearste fan de provinsje. Dy is pleatst yn Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)