Ynfal yn drugshûs Ljouwert

19 apr 2013 - 14:33

By in ynfal yn in hûs oan de Emmakade yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei alve minsken oanhâlden. It giet om twa dealers en njoggen brûkers. By de plysje en de gemeente wiene koartlyn ferskate meldingen binnenkaam oer oerlêst. Al gau wie dúdlik dat it problemen wiene dy't mei drugs te krijen hiene. It drugsoerlêstteam fan de plysje die dêrom in ynfal.

De brûkers binnen nei ferhear wer frijlitten. De twa dealers fan 19 en 27 jier út Ljouwert sitte noch fêst. Yn de wenning binne ferskate boltsjes kokaïne en heroïne fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)