Autobedriuw wreidet út

Van der Schaaf Autobedriuwen wreidet, nettsjinsteande de ekonomyske krisis, út. It bedriuw hat al festigings yn Ljouwert, Drachten en Dokkum en dêr komme Snits en It Hearrenfean by. It bedriuw nimt de saken fan de sittende Volvodealers dêr oer. Dêrmei wurdt Van der Schaaf it iennichste bedriuw yn Fryslân dat it merk Volvo ferkeapet. Mei-inoar wurkje der no sawat 45 minsken by it autobedriuw.
Van der Schaaf Autobedriuwen begûn de ûndernimming yn 1985 ûnder de namme Van der Schaaf-Mellema yn Ljouwert.
Nettsjinsteande de ekonomyske krisis giet it goed mei it bedriuw, seit direkteur Gerben van der Schaaf. Dat komt troch it sterke merk, mar ek omdat it bedriuw 'ynternetkonkurrearjend' is, sadat in soad minsken fan bûten Fryslân by Van der Schaaf harren auto keapje.