Doarpsbelang net ferrast

19 apr 2013 - 12:24
  • Frou Willy Wijbenga, âld-lid Doarpsbelang De Westereen

Foar it doarp De Westereen is it gjin grutte ferrassing dat Jasper S. achttjin jier selstraf krige hat. De rjochter hat de motivaasje dúdlik útlein, sei Willy Wijbenga. De âld-skoaljuffrou siet yn 1999 yn Doarpsbelang De Westereen. Sy hat doe besocht de grutte ûnrêst yn it doarp nei de moard op Marianne Vaatstra del te bêdzjen.

Yn it doarp waard it wol as skokkend ûnderfûn dat de grouwélige details oer de moard by it foarlêzen fan it fûnis wer foar it fuotljocht kamen.

Frou Wijbenga fynt dat no ekskuzen fan komplotteoretisy en beskuldigers fan asylsikers fan de moard op Marianne op syn plak binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)