Advokaat fan Jasper S. baalt

19 apr 2013 - 11:52

Advokaat Jan Vlug fan Jasper S. baalt fan de 'voorbedachte rade' yn it fûnis fan de rjochtbank. Hy pleite sels foar deaslach. Wy wisten yn 't foar dat it in lange straf wurde soe. Achttjin jier sit tusken it maksikum fan tweintich en ús foarstel fan fyftjin jier, seit Vlug yn in reaksje.

Jasper S. waard freed troch de rjochter feroardiele ta achttjin jier selstraf foar de moard op Marianne Vaatstra yn 1999.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)