Heit Vaatstra kin dermei libje

19 apr 2013 - 11:29

Fan heit Bauke Vaatstra hoecht der gjin heger berop te kommen tsjin it fûnis fan de rjochtbank. Hy kin wol libje mei de 18 jier dy't Jasper S. krigen hat. It falt de famylje Vaatstra wol bot ôf dat S. sels net by de útspraak wie. Heit Bauke moat no rêst nimme, fynt de famylje. Nei hast fjirtjin jier is der lang om let in ein oan de saak kaam.

Bauke Vaatstra wol noch wol in kear mei Jasper S. prate. Hy realisearret him dat er dat lâns de offisjele kanalen regelje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)