18 jier sel foar Jasper S.

19 apr 2013 - 10:58

De rjochtbank hat Jasper S. út Aldwâld freed feroardiele ta 18 jier selstraf foar de moard op Marianne Vaatstra. In lange finzenisstraf is op syn plak, seit de rjochter. De moard barde yn 1999 yn in stik greidelân by Feankleaster. Marianne Vaatstra wie doe 16 jier.

Neffens rjochter Dölle hat Jasper S. neitinke kind oer de gefolgen syn died. Dêrom is der sprake fan moard en net fan deaslach. Fierders is der ek sprake fan in dûbele ferkrêfting. S. is folslein tarekkeningsfetber en der is gjin sprake fan in stoarnis, seit de rjochter

It Iepenbier Ministearje is net ûntefreden oer it fûnis. De kâns dat it IM yn heger berop giet liket net grut.

Oer de skeafergoeding foar it lijen dy't de famylje Vaatstra yntsjinne hat, docht rjochter Dölle gjin útspraak. Hy fynt dat in saak foar de sivile rjochter. Neffens de rjochter hat it 13 jier lange swijen fan Jasper S. oer de moard net laat ta ferswierring fan de straf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)