Buertlabel foar Frijheidswyk

19 apr 2013 - 08:19
  • Veilig Verkeer Nederland Logo

It wykpanel fan de Ljouwerter Frijheidswyk krijt it buertlabel Veilig Verkeer. Dat wurdt takom wike woansdei útrikt troch Veilig Verkeer Nederland.

Op dy dei wurdt ek in buertaksjemiddei hâlden. Bewenners en trochgeand ferkear wurde dan wiisd op de needsaak om rêstich te riden troch te wyk en om rekken te hâlden mei boartsjende bern, fytsers en kuierders. It buertlabel is in erkenning foar de bewenners om't se ferkearsfeilichheid serieus nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)