Freed útspraak saak Vaatstra

18 apr 2013 - 22:15

Wurdt it 20 jier of krijt Jasper S. dochs in oare straf as dat it Iepenbier Ministearje trije wike lyn easke? Dat is de fraach dêr't it freedtemoarn yn de rjochtbank yn Ljouwert om giet. Jasper S. fan Aldwâld wurdt fertocht fan de moard op en ferkrêfting fan Marianne Vaatstra.

De útpraak komt presys fiif moanne neidat S. yn syn wenplak oanholden waard. De útspraak is live te folgjen op www.omroplive.nl. Om tolve oere en ien oere binne der ekstra tillevyzje-útsjoerings fan Hjoed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)