GL komt mei plan biblioteken

18 apr 2013 - 21:57

De fraksje fan GrienLinks yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân ropt de gemeenteried op om te sjen nei alternative plannen foar de besunigings op de biblioteken yn de gemeente.

Der moat inkele tonnen besunige wurde op de útlien fan boeken. Hjirtroch soene fjouwer festigings ticht moatte. Mar neffens GrienLinks kin dit oars. Sy hawwe yn gearwurking mei de biblioteken in alternatyf plan makke. Hjiryn wurdt wol besunige, mar dêrby hoege net safolle biblioteken ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)