De Roon fit foar Ajax

Hearrenfeanspiler Marten de Roon is fit genôch om freed yn de wedstriid tsjin Ajax mei te dwaan. De Roon foel twa wiken lyn tsjin FC Grins út mei in blessuere, mar kin no wer meidwaan. Fierder is de seleksje, op de langduerich blessearre Daniël de Ridder nei,  folslein fit.
Van Basten trainde de lêste twa dagen besletten en wol de opstelling noch net priis jaan. "It kin bêst wêze dat Djuricic op 10 spyljen giet, mar miskien ek wol net," sa bliuwt Van Basten geheimsinnich oer de opstelling.