Arriva nimt Koopmans oer

18 apr 2013 - 15:13
  • Arrivabus

Arriva Touring hat it klantebestân fan Koopmans Reizen út Jobbegea oernaam. Koopmans gie in dikke wike ferlyn op eigen fersyk fallyt. Arriva Touring sjocht de oername fan it klantebestân as in moaie kâns om de posysje yn de touringscar-brânzje te fersterkjen. Boppedat hat it bedriuw de ambysje om fierder te groeien.

De nije klanten fan Arriva Touring wurde meikoarten útnoege foar in petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)