NUON-jild foar better MKB

18 apr 2013 - 15:03

Heechlearaar Pier Vellinga fynt dat it frijkommen NUON-jild alderearst yn strukturele ferbettering fan it midden- en lytsbedriuw stutsen wurde moat. De al yn gong sette ynvestearring yn glêsvezel sprekt him bot oan. Vellinga is ynternasjonaal ferneamd as saakkundige op it mêd fan klimaatferoaring. Hy sit ek yn de kommisje Noordervisie dy't neitinkt oer wurkgelegenheid yn de noardlike provinsjes.

De Fryske heechleraar, âld-boeresoan út Nijlân, fynt net dat Fryslân der min foar stiet. Der moat no in stap set wurde dy't jild opsmyt, fynt er.

NUON-jild stekke yn saken lykas it Woudagemaal op 'e Lemmer fynt Vellinga gjin goed idee.

Trefwurden: 
MKB Nuon-jild Pier Vellinga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)