Hûnebazin slacht kontroleur

18 apr 2013 - 14:42
  • Plysje-embleem

In 27-jierrige hûnebesitster fan De Jouwer hat woansdeitemoarn in kontroleur fan de gemeente Hearrenfean slein. De man spruts de frou oan, om't se de hûn net oan de rym hie. De frou rûn gewoan fierder. Dêrom hâlde de opspoaringsamtner har oan. Der ûntstie in wrakseling, wêrby 't de bril fan de amtner stikkengie.

Neidat de amtner oanjefte dien hie, is de frou fuortendaliks oanhâlden. Se is heard op it plysjeburo en moat ynkoarten foar de rjochter ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)