Hurdfyster klapt op auto
In 88-jierrige automobilist út Wolvegea hat woansdeitejûn yn syn wenplak in doarpsgenoat oanriden. De automobilist seach op de Stienwikerwei in stel hurdfytsers oer de holle, dy't krekt de bocht om kamen.
De 46-jierrige Wolvegeaster dy't foarop ried, remme hurd, mar botste op de auto. Hy rekke ferwûne oan de holle. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.