Ekstern ûndersyk Smellingerlân

18 apr 2013 - 13:40
  • Gemeente Smellingerlân

Boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân litte in ekstern ûndersyk útfiere nei de wurksfear op it gemeentehûs. Dat hawwe se tongersdeitemiddei bekend makke op in parsekonferinsje. Begjin dizze wike kaam fia Omrop Fryslân nei bûten dat in groep fan goed tweintich amtners him net feilich fielt op it gemeentehûs yn Drachten. De amtners soene yntimidearre en narre wurde troch liedingjaanden. Dat hat der by in oantal fan harren ta laat dat se siik thús sitte of ûntslach naam hawwe.

Earder liet de gemeente witte him net te werkennen yn wat de amtners oanjouwe. It ûndersyk moat foar de simmer klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)