Drokte op longôfdielings

Fryske sikehûzen hawwe dizze winter folle mear pasjinten op de longôfdieling hân as oars. In soad Friezen moasten opnaam wurde fanwege in swiere gryp of sels in longûntstekking. Der wiene dizze winter trije grypgolven. Troch de lange winterperioade en de kjeld koene minsken mar min herstelle fan in firus en waarden se by in nije grypgolf wer siik.
Opfallend is dat fan 't winter foaral jonge minsken siik wiene. No't it waarmer wurdt, fernimme de longôfdielings dat it rêstiger wurdt.