Moardner Heijltjes bekent

18 apr 2013 - 10:12
  • Marijke Heijltjes

De 33-jierrige fertochte fan de moard op Marijke Heijltjes út Easterwâlde, hat bekend dat er har om it libben brocht hat. De man út De Fochtel waard ferline wike yn it hûs fan bewar oanhâlden. Hy siet dêr fêst omdat er ein maart op de die trapearre wie by in winkeloerfal yn Easterwâlde. De man wurdt fertocht fan noch mear oerfallen, dy't er ek al bekend hat. De fertochte hat sein dat er allinne hannele hat by it misdriuw.

Marijke Heijltjes waard op 12 septimber dea fûn yn har hûs. Se is de jûns dêrfoar om it libben brocht.

It motyf fan de moard wie jild. De fertochte tocht dat by de widdofrou Heijltjes wol wat te heljen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)