Harddrugsdealer oppakt

18 apr 2013 - 10:09

De plysje hat woansdeitemiddei in 21-jierrige man út Kollumersweach oanhâlden omdat er drugs ferhannele. Surveillearjende plysjes seagen de man yn Ljouwert kontakt meitsjen mei in man dy't se herkenden as in drugsbrûker. Omdat se it fermoeden hiene dat der in deal oan de gong wie, hâlden se de man út Kollumersweach fuortendaliks oan.

De Kollumersweachster hie 44 boltsjes mei heroïne en kokaïne by him. Dy binne yn beslach naam. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)