Ofspraak foar Belestingtsjinst

18 apr 2013 - 10:05

Besikers fan de Belestingtsjinst yn Ljouwert moatte tenei in ôfspraak meitsje. De feroaring giet yn op 1 maaie. Neffens de organisaasje kinne de measte fragen ek wol oer de tillefoan ôfhannele wurde. As de situaasje dêr oanlieding ta jout, kin altyd in ôfspraak makke wurde om del te kommen.

De measte besikers fan de Belestingtsjinst komme del mei fragen oer de ynkomstebelesting, taslaggen of betellings. Troch op ôfspraak te wurkjen, hoege klanten net mear te wachtsjen en kin der better holpen wurde, seit de Belestingtsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)