Diskusje yn Hallum

De ynwenners fan Hallum binne bot ferdield oer de takomst fan de gemeente Ferwerderadiel. Dat die woansdei bliken op de earste fan trije diskusjejûnen oer de mooglike weryndieling fan de gemeente. In grut part fan de minsken is foar weryndieling, mar mei hokker gemeente is noch in diskusjepunt.
De diskusjejûnen wurde organisearre yn oanrin nei it referindum fan 29 maaie.