Oprop amtners Smellingerlân

Yngong gemeentehûs Smellingerlân © Omrop Fryslân
De groep amtners dy't slachtoffer binne fan de eangstkultuer op it gemeentehûs fan Smellingerlân ropt kollega's op har ûnderfinings te melden. De amtners ha op ynternet in swartboek makke, ûnder de namme 'zwartboeksmallingerland.wordpress.com'. Dêr kinne minsken dy't har ek ûnfeilich fiele op it gemeentehûs har ferhalen kwyt.
No moandei is der in spoeddebat oer de kwestje.
De groep fan mear as tweintich minsken kaam juster nei bûten. Se sizze dat se it slachtoffer binne fan yntimidaasje en pesterij troch har liedingjaanden, mei as gefolch sykte of ûntslach.