Dijkstra langer by Cambuur

17 apr 2013 - 19:02

Mart Dijkstra hat syn kontrakt by Cambuur mei twa jier ferlingd. Boppedat is der yn it kontrakt ek noch in opsje opnaam foar in ekstra jier. De 22-jierrige sintrale ferdigener kaam yn 2011 by Cambuur. Dêrfoar spile hy by Harkemase Boys. Dijkstra is de twadde spiler fan de Cambuur seleksje dy't bytekenet. Earder waard it kontrakt fan Martijn van der Laan al ferlingd. Erik Bakker en Martijn Barto binne ek mei de klup yn petear oer kontraktferlinging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)