"Jupiler Leaque op 'e skeppe"

De Jupiler Leaque moat op de skeppe. Dat fynt Cambuur direkteur Gerald van den Belt. Van den Belt makket him earnstich soargen oer de eardere earste divyzje. Twa klups gienen al fallyt: AGOVV en Veendam. Der binne mear klups dy't der finansjeel min foar stean en guon akkomodaasjes binne bot fertutearze.
Boppedat fynt Van den Belt dat de promoasje-degradaasjeregeling oanpast wurde moat. Neffens him moatte der twa earedivyzje klups degradearje en moat de promoasjeregeling fanút de amateur topklasse ienfâldiger wurde.
Van den Belt makket him bot soargen. "Het is vijf voor twaalf" sa seit hy.