Brânwachtminsken op non-aktyf

17 apr 2013 - 14:59

In pear brânwachtminsken fan de kazerne yn Easterwâlde binne op non-aktyf steld, nei problemen yn de groep. Kommandant Bouman fan de yntergemeentlike brânwacht fan East- en Weststellingwerf wol net sizze wêr't it om giet. Hy neamt it in ynterne saak. Wol befestiget hy dat it giet om persoanlike problemen tusken de frijwillige brânwachtminsken ûnderling.

Der wurdt no in jurist socht dy't bemiddelje wol by de rûzje. Neffens Bouman hat it gjin gefolgen foar de feiligens.

Der binne genôch frijwilligers dy't it wurk oernimme kinne. De problemen spylje al in pear wike. Bouman hopet dat der gau in oplossing is.

Trefwurden: 
brânwacht non-aktyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)