242 miljoen euro foar ferkear

18 jun 2008 - 22:13
  • Rotonde fan De Jouwer wurdt oanpakt.

Fryslân betellet 242 miljoen euro mei oan projekten dy´t yn it plak komme foar de Suderseeline. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besluten. No´t de rappe ferbining der net komt, hat it Noarden goed trije miljard oan kompensaasjejild te besteegjen.

In part komt fan de provinsjes sels. It jild wurdt brûkt foar oanpassing fan de rotonde by De Jouwer, de berikberens fan Ljouwert en de oanlis fan in spoar tusken It_Hearrenfean en Grins mei in stasjon yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)