NUON-jild moat nei ûndernimmer

17 apr 2013 - 14:15

Der leit 300 miljoen euro by de provinsje klear om de Fryske ekonomy te stimulearjen. Jild út de ferkeap fan enerzjybedriuw NUON. Alle Friezen kinne meiprate oer de plannen en op Omrop Fryslân wurdt dat ek dien. Woansdei mei Renate Westdijk, bestjoerslid en netwurkfoarsitter fan MKB Noard. Sy fynt dat it jild foaral brûkt wurde moat as stipe foar ûndernimmers.

Ferbettering fan it ûndernimmersklimaat, fasiliteiten biede en mear optimisme bringe ûnder de minsken. Banen kreëarje is it wurk fan ûndernimmrs, neffens Westdijk.

As it it ûndernimmers better giet ûntstean der mear banen. Mar de provinsje wol ek graach streekrjocht rendemint op it jild meitsje. Westdijk fynt dat ûnsinnich. Dat is net de taak fan de oerheid. By alles wat Westdijk seit stiet selsstannigens foarop. De oerheid moat ôfstân hâlde.

Trefwurden: 
MKB Nuon-jild Renate Westdijk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)