240.000 foar ûntwikkelings FD

26 nov 2010 - 20:35

It Friesch Dagblad wol ynspylje op nije ûntwikkelings yn de mediawrâld. De krante set yn de maaitiid fan takom jier útein mei in nij projekt dêr't de wrâld fan de 'sosjal media' lykas twitter in soad omtinken yn krijt. It deiblêd wol dêrneist in spesjale webside meitsje dêr't politike partijen, gemeenten, mar ek belangegroepen har nijs kwyt kinne.

It Stimuleringsfonds voor de Pers stelt goed 240.000 euro beskikber foar it inisjatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)