24.000 ophelle foar DNA-ûndersyk

02 sep 2006 - 00:00

It benefytkonsert foar de fermoarde Marianne Vaatstra hat freedtejûn goed 24.000 euro opbrocht. Fan de bedrach komt 8.000 euro út de entree, de rest bestiet út giften. It spesjale konsert yn de Westerein is besocht troch sa'n 800 minsken. Mei it jild dat ophelle is sil in DNA-ûndersyk betelle wurde om de mooglike dieder noch te finen.

De 16-jierrige Marianne Vaatstra waard yn 1999 by Feankleaster ferkrêfte en fermoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)