2400 Wâlddykkuierders

16 sep 2006 - 15:53

Likernôch 2400 minsken hawwe sneon meidien oan de Wâlddykrintocht. Dat is in kuiertocht fan goed 36 kilometer troch de gemeenten Kollumerlân en Achtkarspelen. Underweis kinne de kuierders genietsje fan strjitteater, muzyk en keunst.

It tal dielnimmers is folle leger as yn 2002, want doe rûnen hast twa kear safolle minsken mei. Neffens de organisaasje komt dat troch de konkurrinsje fan oare kuiertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)