24 moanne sel easke tsjin âld-direkteur Sviatoslav

17 mrt 2015 - 20:38

It Iepenbier Ministearje easket 24 moannen sel, wêrfan seis ûnder betingst, in kontaktferbod mei it slachtoffer en in reisferbod nei Tadzjikistan, tsjin de eardere direkteur fan de stichting Sviatoslav. Sviatoslav helpt kânsearme bern yn Ruslân en Tadzjikistan.

De âld-direkteur, in ynwenner fan Skearnegoutum, wurdt der fan fertocht dat er twa jier lyn in 13-jierrich famke út Tadzjikistan ferliede woe mei it doel om seks mei har te hawwen. De offisier neamt de fertochte in 'wolf yn skiepsklean'.

De offisier fynt dat de fertochte misbrûk makke hat fan syn posysje as direkteur en seit dat de man de stichting as dekmantel brûkte.

De fertochte wegere om yn de rjochtbank te kommen, om't hy fynt dat de saak achter sletten doarren behannele wurdt moat. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak yn de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)