24 banen fuort by Wetterskip

18 des 2004 - 12:58

By it Wetterskip Fryslân geane takom jier 24 banen ferlern. It deistich bestjoer fan it wetterskip wol 2,4 miljoen op de personielskosten besunigje. Fierder sil der nochris twa miljoen besunige wurde op oare saken.

It deistich bestjoer is mei it foarstel kommen nei oanlieding fan in gearkomste oer de begrutting. Op de plannen om de wetterskipslesten mei 5% te ferheegjen, wie in soad krityk. Yn it nije foarstel binne dy ferhegings de helte leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)